Fryske Tommy is in projekt mei as doel om Rockopera Tommy fan The Who yn teaterseizoenen 2017 — 2018 en 2018 — 2019 op syn minst 20 kear út te fieren yn it Frysk. Bauke Beert Keizer en René de la Porte binne yn de lêste twa jier drok wêst mei oersette. Op dit stuit is de oersetting hast klear en binne de mannen tegearre mei Remco Pol (drums), Kyle de la Porte (bas), Henry Behnen (toetsen) en Marjet van der Meeren (sang) begûn mei repetysjes. De lêste trije binne studinten fan ROC Friesland College D’Drive, rjochting “artyst/muzikant”.
Yn teaterseizoen 2016 — 2017 sille sy muzikale try-outs spyljen en de teaterkant fan it stik ûntwikkelje. Dêrfoar wurdt kontakt socht mei D’Drive, Akademy fan Popkultuer Minerva, NHL en Stenden Hegeskoalle.
Úteinlik sil yn teaterseizoenen 2017 — 2018 en 2018 — 2019 Fryske Tommy yn ‘e grutte teaters fan Fryslân en op festivals yn hiel Fryslân útfierd wurden. Ek is it de bedoeling dat oansprekkende Fryske gastartysten meidwaan sille. Under oaren Piter Wilkens hat syn belangstelling al toand.