Fryske Tommy is in pro­jekt mei as doel om Rock­opera Tommy fan The Who yn tea­ter­sei­zoe­nen 2017 — 2018 en 2018 — 2019 op syn minst 20 kear út te fie­ren yn it Frysk. Bauke Beert Kei­zer en René de la Porte binne yn de lêste twa jier drok wêst mei oer­sette. Op dit stuit is de oer­set­ting hast klear en binne de man­nen tege­arre mei Remco Pol (drums), Kyle de la Porte (bas), Henry Behnen (toet­sen) en Mar­jet van der Mee­ren (sang) begûn mei repe­ty­sjes. De lêste trije binne stud­in­ten fan ROC Fries­land Col­lege D’Drive, rjoch­ting “artyst/muzikant”.

Yn tea­ter­sei­zoen 2016 — 2017 sille sy muzi­kale try-outs spyl­jen en de tea­ter­kant fan it stik ûnt­wik­kelje. Dêr­foar wurdt kon­takt socht mei D’Drive, Akademy fan Pop­kul­tuer Minerva, NHL en Sten­den Hege­sko­alle.

Útein­lik sil yn tea­ter­sei­zoe­nen 2017 — 2018 en 2018 — 2019 Fryske Tommy yn ‘e grutte tea­ters fan Frys­lân en op fes­ti­vals yn hiel Frys­lân útfierd wur­den. Ek is it de bedoe­ling dat oan­sprek­kende Fryske gas­tar­ty­sten meid­waan sille. Under oaren Piter Wil­kens hat syn belang­stel­ling al toand.